Kollum Eelke Lok: “JIT”Jou It Troch

KOLLUM-EELKELOKGRIEN10MUZYKTOER2017SYBPITER

“Op 8 oktober oansteande is it 587ste evenemint yn Fryslân. Ferline jier begûn, doe wie it in sukses. Dus dit jier trochsette. Under oanfiering fan Syb van de Ploeg en Piter Wilkens kin de besikers dan op seis, sân plakken yn Ljouwert en Tytsjerksteradiel nei rûnom sjongende trûbadoers reizgje, op in sis mar fossylfrije wize. Elektryske auto’s, elektryske boaten, fytsen, kuierje, huifkarre en gean sa mar troch. Under de titel Grien 10 muzyk toer. Gâns artysten mei ferneamde nammen rûnom út Nederlân komme. Piter en Syb sjonge sels ek en lieten fan ‘e wike al in nij cdtsje los ûnder de titel “Leven van de wind”. No dat docht it oer in pear wike by it skûtsjesilen perfekt fansels.

No brûke Syb en Piter hieltyd it wurd duorsum yn harren oanpriizgjen fan it programma. Elkenien brûkt dat, benammen de politisy, om oan te jaan hoe miljeubewust as se binne. Duorsum. Duurzaam. Plestik is allemachtich duorsum, mar dan moat je it net yn see donderje want dêr driuwt al genôch fan dat guod om. Grien is ek it wurd wat se faak brûke. Dat mei wol, as je dan mar net tinke oan it CDA, want dat wiist de oare politike partijen in oare kant út. Fossylfrij, sei Syb ek noch. En priizget de elektryske auto oan. Mar dy auto en ek dy tsunami oan elektryske fytsen moatte wol gewoane stroom yn de akku’s ha. Dy stroom moat dan fan wyn en sinne komme. Ja, mar as Kamp in pear koalesintrales pas oer jierren en jierren slite wol, komme wy net massaal yn it ferset, lykas we mei de krúsraketten yndertiid wol dien ha.

Want wy ha mei syn allen fansels een grutte bek, hè. In freeslik grutte bek. Foaral as Trump seit dat Parys en it klimaatakkoart beide net bestien ha. No treffe we dy Trump net deistich, mar we ha wol te krijen mei sokken as it Ljouwerter ex-VVD riedslid Geert-Jaap van Ulzen dy’t twitter teisteret mei de stelling dat alles wat al bewiisd is oer de klimaatferoaring en wer’t dat troch komt, dochs net wier is. Tsjin soksoarte hurdkûters is it in keihurde oarloch en ik bin bang dat Syb en Piter net lûd genôch sjonge sille. Mar dan moat se ús mar berikke. Want wy doge ek net.

Ik hearde fan hannelers yn twaddehânsk auto’s dat minsken net iens skytskoarje by de oankeap fan in âlde diselauto, wylst je Paris en Berlyn mei dy dingen net iens mear yn komme meie. As der wynmûnen ticht by komme moatte, bin we op foarhân tsjin, set se mar by in oar del. Mar dy seit itselde. De gemeenten betelje miljoenen mear om de strjitten ûnkrûdfrij te krijen, ach donderje der wer ferneatigingsguod op. We jouwe de bern bakken fol plestik boartersguod, want oan dat houten spul kin se har wol sear dwaan. As der neat mear op telefyzje oan is te sjen, rjochtsje we netflix op, dan kin we dat ding wer oeren langer oan ha. Nimst efkes plestik pûdsjes foar de bôle mei, in bôletrompke past net yn myn tas. Ach, de sinesapelskilen mar yn de smoargensbak, oars moat ik de hûs wer út nei de griene tonne en it reint al wer.

It singeliere is dat Piter en Syb in stichting oprjochte ha om de Grien tsien toer mei op te setten, en dat dy benammen befolke wurdt troch ûndernimmers En dat de oerheden graach oanskowe by de organisaasje. Dat sit better as je tinke kinne soenen. Dy stichting moat ús dus wekker meitsje. Net inkeld troch Syb en Piter muzyk meitsje te litten. Da’s wol o sa moai, dat wol, mar ek om harren boadskip. De stichting hjit JIT en dat hat neat mei útskonken drank of de jittik dy’t ik altyd útmiich te krijen. Nee, it is de titel fan it earste ferske fan Piter en Syb fan ferline jier hjiroer. JIT. Jou it troch.

8 oktober wer in aardige dei, hooplik moai waar. Ferjit dat no net krekt as jim, en ik ek, safolle ferjitte om der in skjinnere en bettere wrâld fan te meitsjen. Mar ferjit benammen net om op 9 oktober troch te gean. En it troch te jaan. JIT!”

Kollum Eelke Lok Grien 10 Muzyk Toer 2017 Syb en Piter